Priuwe oan de Ald Meijers Partij

Doe’t in wike lyn der op snein te jûn twa froulju op de stoep stiene wist ik efkes net hoe en wat. Mar al gau waard it doel fan harren besite dúdlik.

Jennie en Amarins woene keatse op de Ald Meiers partij. Soks kin tsjinwurdich fanwege dispensaasje mooglikheden as der mar ien út de kategory sels is. Sissel woe wol en dus wie it klear. In coach hiene de beide froulju ek al op it each. Se woene Albert Reitsema wol freegje. Albert wie der fansels wol foar te finen. In lytse gearkomste op freed en doe wie it al safier. Moarns om efkes nei achten togen se nei Hitzum. Keatsferiening de Eendracht hie de saken wer prachtich foar mekoar. Ik wol leauwe dat ús jonge froulju wol in bytsje ûnder de yndruk wiene fan it gehiel. It lot hier lokkiger kinnen mar we wiene hjir om te priuwen oan de Ald Meijers en net foar de prizen. En priuwen ha se dien. Berltsum wie te sterk mar alle trije froulju pakten efkes harren momint. Jennie mei in boppeslach, Amarins mei in prachtige opslach en Sissel in it tuskenspul. Op trije om de ien en seis gelyk hie de ek noch wol in twadde buordsje in sitten mar it wie net oars. Nei ien omloop wie it dien. Takom jier mar wer.

Geplaatst op 05 August 2012